Do learst my folslein mysels te wêzen

bestiest foar my út tûzen fragen

             dy’t ik net dúdlik meitsje kin

de wurdewrâld dêr’t ik yn wenje

             is dines net en stiet ús

    yn de wei.

 

dyn houterige bewegings

       en hikjende laits

dyn gefoelige sensoaren

    foar alles dat draait;

          fentilatoaren !

 

       muzyk is mienskip

snoezeljen duorret dy nea te lang

       it ûnbekende makket

     dy ûnrêstich en bang

 

hearre, rûke, fiele, priuwe,

    triuwst alles yn de mûle

yn de macht fan de gewoante

      leit dyn krêft ferskûle

 

gjin poehaskopperij

    as yn de ‘normale’ maatskippij

gjin papieren wurklikheid

   yn nota’s beferzen

 

 do learst my om

 folslein

    mysels te wêzen

 

 

Sytse van der Werf,

Kûbaard, 2 desimber 2011