Skutsjesilen

Nanne

It is sportdei op skoalle en ek Nanne docht mei. Nanne hat in moai ‘kopke’.

Nanne sutelet efter de oaren oan, sadree’t de bern nei bûten ta gean. Hy wit net wat der barre sil.

Op it plein oankommen sjocht Nanne ferheard om him hinne.

Oeral lizze ballen, ballonnen, tennisrackets.

Mei in lyts groepke en in juf giet er fan spultsje nei spultsje.

Nanne wit by gjin inkeld spultsje wat er krekt dwaan moat. Ek net at juf it him fertelt of at juf it him foardocht.

Mar Nanne docht wol mei, hy wol net skoppe mei de bal, hy wol goaie.

Goaie mei de grutte fuotbal, mei de tennisballen. Goaie oer de skommels, oer de wipwap, mar foaral goaie op de juf. En it moaie is, juf goait werom, dus dan goait Nanne ek wer. Dêr giet wer in bal tsjin de rêch fan juf.

Nanne ballet omraak en hat de grutste wille.

Nanne is in jonkje fan sân jier, hy is lyts en hat in autistyske steuring. Hy praat net, makket gelûdsjes.

Syn wrâld is lyts, it moat allegear tichtby wêze. Syn ynteresses binne beheind.

Mar bûten, mei de bal, dán set Nanne it op in boartsjen.

Terug naar overzicht