It Wad

Tymen

Tymen is fikse , ut de kluten woksen jonge.Yn ‘e klasse kin d’r it net altiid like goed fine. Somtiden komme de moarren op him ôf.Tymen is in jonge dy’t d’r ut moat.  Hy moat nei bûten ta, de wyn fiele, omdrave en …..
Hy moat it san en modder fiele.

Tymen pakt it san dan op, nimt it yn syn hannen en rint der mei oer it plein. Underwilens lit hy dan fanut syn omheech stutsen hannen it san ut syn fusten gliidsje. Hy besjocht dan dit alles en pakt dan op ‘e nij it san.

It is in drang fan Tymen om dit te dwaan, sels bij kâld, reinich waar. Derom kriget by sokke waarsomstannichheden in reinjas oan.

 Komt d’r werom yn de klasse, dan hat er wer efkes rest, kin d’r him wer efkes noflik deljaan en dertroch meidwaan oan de lessen. Letter wurdt syn spanningsbôge dan wer koart en moat hy wer nei bûten om te fielen en belibjen.

Tymen is in begjinnende puber, in grutte jonge mei in autistyske stoornis.
Tymen fielt it san, Tymen fielt de klaai, Tymen fielt Fryslân.

Terug naar overzicht